Op in fytspaad tusken Snits en Jutryp rint in proef om ynsjoch te krijen yn feiliger fytsen. De Ryksuniversiteit Grins lit dêr proefpersoanen fytse mei in kamera op 'e fyts. De fytsers witte net krekt wêr't it de ûndersikers om giet.
Yn it fytspaad binne ferskillende bermstrepen oanbrocht. Der binne stikken mei giele strepen dy't ljocht jouwe yn it tsjuster en der is in stik mei in soarte fan fyn grint. De ûndersikers wolle witte wat it meast effektyf is om ûngelokken foar te kommen.
De útkomst fan it ûndersyk is mei-bepalend foar hoe't fytspaden der yn de takomst útsjogge sille.
Omrop Fryslân heeft er een video van gemaakt.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten