Veilig Verkeer Nederland warskôget foar mear ûngelokken no't de plysje hieltyd minder boetes útdield oan fytsers dy't sûnder ljocht de dyk opgeane. Yn Fryslân leit de situaasje neffens it Fytsersbûn wat nuansearder. Sa wurket it Fytsersbûn hjir by kontrôles gear mei de plysje.
Minsken sûnder ljocht kinne kieze foar in boete of kinne in nij lampke keapje by it Fytsersbûn. Boppedat drage minne fytsestallingen neffens it Fytsersbûn ek by oan it probleem.
Minsken doarre harren nije fyts dêr net del te setten en brûke âlde fytsen wêrfan de ferljochting faak net doocht.