,,Ik bin 60 en dus sûnder rydbewiis. Foaral dat lêste is wichtich. Want mei wol in rydbewiis en in auto foar de doar soe it fêst ek in striid wêze. Ik haw bewust keazen om sûnder rydbewiis troch it libben te gean. Libje sûnder auto hat syn sjarmes. Libje sûnder rydbewiis noch mear. Gjin auto jout beheiningen soenen je sizze, mar foar my jildt dat it útdagingen jout. Altyd op de fyts nei it wurk (15 kilometer) en net ôfhingje litte fan waar, wyn en winter. Moarns gjin kar hawwe om de auto dizze kear mar te pakken makket it makliker. In fyts sa folle mooglik as ferfiermiddel brûke stimulearret ek oaren, is myn erfaring. In kear as fuotbalploech op de fyts nei in útwedstriid, regelmjittich mei oaren op de fyts nei in konsert yn it Bolwerk yn Snits. It bart foaral omdat der minsken sa as ik binne.
Fytsers yn ieren en sinnen. Ik haw miskien maklik praat. Gjin rydbewiis (eigen kar) en wol in auto foar de doar (frou). It moaie is lykwols wol dat wij beide fan it fytsen binne en foar ús jildt dan ek:
‘op de fyts at it kin en mei de auto at it moat’.
Prinsipieel wêze yn dit stik fan saken is dreech, mar ik lit my sa min mooglik bringe troch myn frou of bern, dan ik hie ik mar in rydbewiis helje moatten. Allinne at it echt net oars kin, meitsje ik dêr
gebrûk fan.
De fyts is myn ferfiermiddel. Foar boadskippen, foar rekreaasje en foar wen-wurk. Earst Wommels
– Ljouwert (winters mei de bus) en no al 16 jier Wommels – Snits (15 km). Yn dy 16 jier altyd mei de fyts en dat is foaral omdat ik gjin oare kar ha en omdat it in útdaging begjint te wurden. Oare kollega’s heakje gau ôf at de auto beskikber is. Moaiwaarfytsers neam ik harren en ik bin de fytser fan ‘al den dei’. It fytsen, it Frysk, in burd is bepalend foar it byld wat men fan my hat. Dat is prima, at ik op dizze wize der oan bijdraach dat immen Frysk skriuwt en de fyts pakt.
Sûnder rydbewiis kinne je net alles. Of better sein: je kinne net oeral hinne. Dat hat syn sjarme wol. In kar meitsje en akseptearje dat soks in konsekwinsje is fan sûnder rydbewiis libje. Mei gemiddeld
10.000 oant 12.000 km yn it jier fiel ik my prima. En fansels hat Wommels in goeie busferbining.’’
Aant Hofstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten