Boerepaden binne yn gefaar. Troch besunigings fan it Ryk is der kwalik jild beskiber foar it ûnderhâld oan dizze paden. Dat betsjut dat rekreative fytspaden dwers troch it boerelân der aansen fertutearze by lizze. En dat is folslein tsjin it sin fan PvdA-twadde keamerlid Lutz Jacobi. Want, fytse en bewege is goed foar de folkssûnens en dus moat soks krekt stimulearre wurde.
|
Lutz Jacobi |
Jacobi pleitet dêrom foar in ienfâldiger beleid. Neffens har binne der tefolle regels, dy't boppedat ûnnedich yngewikkeld binne.
Dêrneist rjochtet Jacobi har pylken op it iepenbier ferfier, dêr't yn bussen en treinen mear romte komme moat foar fytsen, sadat minsken makliker de fyts meinimme kinne as se in dei op 'en paad gean. (bron: Omrop Fryslân)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten