De fytser fan al den dei 2014

De FNP hat sneon 3 jannewaris op de nijjiersgearsit yn Ljouwert wer de tradisjonele Sulveren Fyts útrikt. De Sulveren Fyts gie dit jier nei Kees Mourits út Ljouwert. Het Ljouwerter FNP-riedslid Pier Tilma riket de pris út. Mourits is provinsjaal fertsjintwurdiger fan it Fytsersbûn yn Fryslân en set him al jierren yn foar de belangen fan de fytsers yn ús provinsje. Sa sprekt hy yn by tal fan gearkomsten om op te kommen foar de belangen fan de fytsers en skriuwt er ek brieven en mails nei bestjoerders út namme fan it Fytsersbûn. Útstoarte fytst Mourits sels ek hast altyd om it goede foarbyld te jaan.
By de Sulveren Fyts heart ek noch in oarkonde.

De Sulveren Fyts wurdt alle jierren útrikt oan dy ynwenner fan Fryslân dy’t yn it brûken fan de fyts in foarbyld is foar oaren en him/har ynset foar de belangen fan fytsers.


Geen opmerkingen:

Een reactie posten