College van SWF wil fietspad tussen Stavoren en Warns

(bron: OmropFryslân) Der komt lang om let in fytspaad fan Warns nei Starum. Oer dat fytspaad wurdt al 30 jier praat, mar it slagge hieltyd net om it te realisearjen. De dyk fan Warns nei Starum is net feilich foar fytsers, stelt de gemeente Súdwest-Fryslân.

Steatefraksje Friese Koers
It ûntbrekkende stik fytspaad fan Warns nei Starum moat der gau komme. De steatefraksje fan Friese Koers wol dat nei de simmer fuort mei de oanlis begûn wurdt. Neffens de partij is der no sprake fan in gefaarlike situaasje foar fytsers, foaral foar skoalbern. Ek wen-wurkferkear hat lêst fan it ûntbrekkende stik fytspaad, seit Friese Koers.


Wannear't dit oanlein wurdt, betsjut dat neffens de partij in flinke ympuls foar it fytstoerisme.
Fytsers moatte no oer de trochgeande dyk ride, dwers troch doarpen as Himmelum en Warns. Op dy dyk komt ek al it autoferkear del dat nei Starum wol. Dêrneist ride der ek geregeld grutte frachtweinen en dat is net feilich foar fytsers.

De oanlis fan it fytspaad kostet sa'n 9 ton. De gemeenteried moat nei de simmer noch grien ljocht jaan. In jier letter kin de skeppe de grûn yn.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten