Fan Domwier nei Koldyk
Ik woe al jierren, en no noch, sa graach in fytspaad fan Domwier nei Koldyk. Dan is der noch mar in lyts stikje oer sonder fytspaad. (Hjir is dus ek yn de foarige ieu al jûnen en dagen oer diskusearre. Mar 3 akwadukten en 30 asfaltkrollen yn it ramt fan ‘Ruim baan voor blik’ –nei myn idee achterhelle belied fan de foarige ieu- binne makliker te realisearjen as sa’n onnoazel fytspaadsje.
Wer’t it hert fan de beliedsmakkers fol fan is … Wy ha net noch in ieu de tiid foar belied dat wol op de takomst rjochte is. En wat der allegear net foargoed fernield wurdt ferjamme!)
Myn brechje wer klear
Yn Grou moat ik no al twa jier –as ik my net fersin- oer de asfaltbaan fan it bedriuwenterrein om hinne en wer te kommen, mar ha no begrepen dat ‘myn’ brechje foar de simmer wer klear is. Ofronne simmer it byld fan dokter Eeltsje mids allinne mar ymprovisearre asfalt, dan tinkst dochs earst dat it net wier wêze kin. It is no teminsten wat yn’t fatsoen brocht. In park is sa’t it bytiden liket, net mear fan dizze tiid? Utsein dan autoparkear’parken’. Mar hâlde dy nije P’s dan teminsten yn, dat tenei mar net elk mear mei syn SUV oan de mar ta krosse kin? Sil Grou in bytsje noflik bliuwe, dat moat dêr in ein oan komme.
No, mar gau Grouwergea yn. Ik ha de pleatsen yn twa dagen bylâns west en derby op seldsum moaie en noflike plakken. Ik koe foar Goattum en de Burd noch wol wat moais betinke oan ontslutende kuier-/fytspaden. De Burd koe dan wol, foar taryf fan twa kear in pontkaartsje, in unike bestemming wurde foar ‘onthaasten’; minimale foarsjennings neffens 20ste ieus plan. Al mei al hie ik yn Grouwergea noch in soad moaie ferrassings.’ …..
Sitaat oer fytsen út myn boekje 'Pleatsen Grouwergea'
Wytse Tjoelker
Geen opmerkingen:
Een reactie posten