In kritykpuntsje der’t ik perfoarst net neutraal yn stean, mar ik wurd yn Grou langer gek fan de auto’s. Ik kaam dy deis yn út Wergea wei, troch it Leechlân, de Grutte Krite. En dêr wolle jo as fytser sonder fytspaad net wêze fanwegen de oanhâldende auto’s, slûprûte blykber.
Fan Domwier nei Koldyk
Ik woe al jierren, en no noch, sa graach in fytspaad fan Domwier nei Koldyk. Dan is der noch mar in lyts stikje oer sonder fytspaad. (Hjir is dus ek yn de foarige ieu al jûnen en dagen oer diskusearre. Mar 3 akwadukten en 30 asfaltkrollen yn it ramt fan ‘Ruim baan voor blik’ –nei myn idee achterhelle belied fan de foarige ieu- binne makliker te realisearjen as sa’n onnoazel fytspaadsje.