(bron: Friesch Dagblad)
Trekkers, al of net mei in wein der achter, ride tsjintwurdich wol sechtich kilometer yn ‘e oere, alteast op diken dy’t goedernôch ûnderhâlden binne. Se meie eins mar 25 yn ‘e oere, mar wurde troch plysje en justysje stilswijend behannele as is regulier frachtferkear. Dat rydt trouwens nóch hurder: 80, 90, soms 100 kilometer yn ‘e oere, mar dan meastal op diken dêr’t fytsers en fuortgongers heechút oerstekke.
It lânbouferkear ropt somtiden emoasjes op, sa die bliken yn kafee It Reade Hynder yn Wommels, tongersdei 15 novimber 2012. Benammen as der fuortgongers of fytsers troch trekkers oanriden wurde, dan ûntstiet ferlet fan aksje. ‘SAM’ yn Littenseradiel naam it inisjatyf ta in debatjûn oer it lânbouferkear. (‘SAM’ is it gemeentlik gearwurkingsferbân fan PvdA, SP, GrienLinks en D66). Oanlieding wie in ûngemak: it famke Anouk wie in tal moannen earder oanriden troch in trekker en slim ferwûne rekke. Yn ‘Op ‘e skille’, it hûs-oan-hûs-blêd fan Littenseradiel, hie der in pear kear omtinken oan jûn.